Algemeen

Column Aeltsje: Tiden hawwe tiden

Eins wol ik it yn myn kollums net mear hawwe oer “froeger”. En dochs ûntkomme jimme der net oan, want it ûnderwurp foar dizze kollum sit al dagen yn myn holle en wol der net mear út. Dus moat it dan dochs mar op papier, der sit neat oars op…

Foarige wike lies ik it boek “Suteljenderweis teplak” fan Piter Krol wer ris. In protte lêzers kinne it miskien wol, want it giet oer in Feinsumer, dy’t yn 1940 bakkersfeint waard by bakker Ultsje de Jong. In protte nammen fan doarpsgenoaten binne noch wol bekind en ek de omjouwing is fansels noch goed werom te finen.

Allinne dêrom is it hiel aardich om it boek te lêzen.

Mar wat my foaral treft, is it tiidsbyld. It begjint fansels flak foar de twadde wrâldoarloch. It grutste gedielte fan it boek spilet him ôf yn dy oarlochsjierren. It lit goed sjen, dat it yn de earste jierren noch wol wat “tafoel”, alteast op it Fryske plattelân. Mar de lêste jierren wiene ek hjir dreech. Bakkers hiene gjin fatsoenlike grûnstoffen mear en klanten hiene net genôch bonnen om noch wat te keapjen. Dan kaam de driging fan razzia’s der ek noch by. Piter waard yndied noch oppakt, en moast nei Drinte om dêr foar de Dútsers te wurkjen. Uteinlik wist er mei in pear maten te ûntkommen, mar in noflike tiid wie it dêrnei net fansels, oant de befrijding.

Wat my foaral yntrigearret, is de tiid nei de oarloch. De hiele maatskippij feroaret dan. En ek net stadichoan, nee it giet echt yn in razend tempo. Ik freegje my no ôf, hoe as minsken dat ervaren ha. Of binne minsken sa boegsem, dat se gewoan meigeane en meiboege? 

In foarbyld: yn 1946 hat Piter foar it earst in wike fakânsje. Earst wit er net wat hy dêr mei oan moat. Hy hat der hielendal gjin ferlet fan. Uteinlik giet er mei twa maten nei It Amelân en sa komt de wike dochs noch om. 

Gjin fakânsje, it wie gjin útsûndering yn dy tiid. Ek al bestie it Bakkersbûn al fier dêrfoar (It Fryske Bakkersbûn wie fan 1892), pas nei de oarloch krigen de wurknimmers mear rjochten en de wurkjouwers mear plichten. En dat wie net allinne yn de bakkerij sa, ek boere-arbeiders “moasten” in frije dei yn de wike ha en fakânsje, krekt sa as slachtersfeinten, timmermansfeinten en neam mar op. 

Bûten de snein om wiene der gjin frije dagen en ek dêr kaam doe feroaring yn. Noch in dei frij, Piter wist net wat er dêr mei oan moast en pielde dan mar wat om yn de bakkerij. De bakkersfeinten wiene yn dy tiid noch ynwenjend by de bakker, wat ek net bepaald frijheid joech fansels. Wy hawwe it dan oer 1946. Ik wit wol, it giet wol oer hast 80 jier lyn. Mar der binne noch genôch minsken, dy’t dizze tiid meimakke hawwe. Sels bin ik fan ‘54, dus safolle skeelt dat no ek wer net mei ‘46. 

Ik hie in heit dy’t skoalmaster wie, en dy hiene fansels in riante fakânsje yn de eagen fan de measten. Doe’t ik lyts wie fjouwer wike grutte fakânsje! Mei dêrneist dan in maaiefakânsje, in hjerstfakânsje en in krystfakânsje.

Mar der wiene doe noch in hiele protte minsken, dy’t dat net hiene. Twa wike wie al hiel wat. En ûndernimmers tochten der net iens oer. Nico hat nea mei syn heit en mem op fakânsje west. De slachterij ticht? Dat wie net oan de oarder. En sa gong it by alle middenstanners.

Doe’t wy yn 1984 de bakkerij yn Winsum oernamen, be-gongen wy der foarsichtich oer nei te tinken. Kin it lije, dat wy twa wike ticht binne yn de boufak? No, wy ha it oandoard, mar wy ha jierren lang mar twa wike hân. En dochs ha wy dêr ek noait muoite mei hân. It wie sa en it hearde by it hawwen fan in eigen bedriuw. It jilde net allinne foar ús, mar ek foar al de oare middenstanners, en ek de boeren yn it doarp. En ik tink, dat it ek no noch wol opgiet foar minsken mei in eigen (lyts) bedriuw.

Mar wat is it allegearre bot feroare. Fan dei yn dei út oan it wurk wêze, nei in libben dêr’t frije tiid in grut en belangryk plak yn nimt. It libben fan Piter Krol liket noch sa tichtby. Mar it lit hiel dúdlik sjen, dat de wrâld, dy’t sa lang op deselde menier libbe en wurke hat, yn eins mar in koart skoftsje tiid kompleet feroare is!