Algemeen

Column Aeltsje: Kastanje sykje

Oppasse op de beppesizzer fan 2 jier, it is it bêste wat jin oerkomme kin. En ik bin dan ek bliid en tankber, dat ik dit belibje mei. 

Want: “beppe, sille wy in blokje om?” Dat is de standert fraach om in oere as tsien. No, as it waar der neffens is, wol beppe graach in blokje om. Meastal moat de bernewein mei de pop, of op’t heden de bear, dan ek mei. Lize achter de bernewein, alteast it earste gedielte fan it blokje om.Wy ha in fêste rûte, en komme earst by it boekekastke lâns. “Boeken foar Lize?” Soms wol, de lêste kear in “Tomkeboekje” mei allerhande moaie ferskes. Dus dat giet dan mei.

Dan komme wy in stikje fierderop by de boarterstûn. Ik ha der noch nea in kop sjoen, dus dy ha wy dan foar ús twaën. De glydsbaan is favoryt, mar ek de skommel is no fertroud. De wipwap is wat minder, dan moat beppe ek yn aksje en der is in knibbel dy’t net sa meiwurket.No wie der de lêste kear in oare attraksje, dy’t alle oandacht hie: de kastanjebeam. Want it waaide aardich en der wiene hiel wat fan dy stikelige bolsters nei ûnderen kommen. En, oh wûnder, dat wie noch net ûntdutsen troch de pleatselike jeugd. Ik sei it al, der komt neffens my noait immen yn dy boarterstún...Mar wat in gelok! Al dy prachtige kastanjes, samar foar ús. Sa’n bolster iepenbrekke, en dan sa’n prachtige, brune, glânzjende kastanje der út helje. Dat is it toppunt fan gelok!

En wat fijn, dat der dan sa’n berneweintsje mei is. De iene nei de oare kastanje belâne ûnder yn it netsje. En wat wie it fanatykst oan it sykjen? No, beppe fansels. Dit is my yn myn libben eins hast noch nea oerkommen. In kastanjebeam foar mysels. Net de lêste oerbleune kastanje ergens weisykje. Nee, it gers fol mei bolsters en kastanjes dy’t al út harren holtsje wei wiene.De glydsbaan, de skommel, de wipwap, se wiene allegearre net mear yn tel.Doe’t wy alles, mar dan ek alles opsocht hiene, koene wy wer nei hûs.Wat in rykdom! Allegearre foar ús!No is it wol sa, dat “nei hûs” ek net samar giet. Krekt sa as de hinnereis nei de boarterstún trouwens. De weromreis giet altyd wer lâns in oar paad, yn Jirnsum kin men hiel wat kanten om as men nei de Gravinnewei wol.

Underweis is fansels fanalles te sjen en te finen. “Rommel”. Dat nimme wy dan ek mar wer mei, “yn de kontener, beppe”. Jong geleerd, ….Mar ek lytse “slingerkes”. Noch oerbleaun fan de merke tink. It aveseart fansels neat. Mar hoe belangryk is dat eins? Jin bepale by it momint, en net te fier foarút sjen, hoe faak dogge wy dat no? Myn beppesizzer wit hoe as dat moat.

Ik betraapje my der sels wit hoe faak op, dat ik te kuierjen bin, en net sjoch wat der allegearre neist my groeit en bloeit. Dat ik mei myn gedachten al wer folle fierder bin, en der gjin euvelmoed yn ha, hoe moai as it is wêr’t ik op dat momint bin.It “blokje om” mei Lize lit my sjen, hoe as it ek kin. Stap foar stap, yn it momint. Wat makket it ek út? Dat is it hearlike fan in oppasdei. Ik hoech dan fierder neat, ha neat op de planning. Ik bìn der allinne mar, sa’n dei. En lear fan myn beppesizzer hoe as it moat. Genietsje fan it momint.

Doe’t wy thús wiene, moasten de kastanjes fansels yn in skaal op tafel. Wa soe der grutsker west hawwe, beppe of Lize? Gau in appke nei mem en papa, sjoch wat wy no hawwe!Wat is dat dochs raar, kastanjes meitsje it bern yn jin altyd wer wekker. Der is (hast) gjin mins, dy’t in kastanje lizze lit, as er dêr yn it gers leit te glânzgjen. Ik sjoch wit hoe faak folwoeksenen omstrunen ûnder in kastanjebeam. Om dy iene lêste noch te finen. 

Wat in gelok, dat ik no in hiele beam foar mysels hie, dat ik de earste wie, dy’t sykje koe….

It binne dy lytse dinkjes, dy’t it libben weardefol meitsje. It hantsje fan Lize yn mines. In glânzgjende kastanje yn de sinne. Libje yn it momint, genietsje fan wat der is.

“Het kleine groots doen”, Titus Brandsma sei it al. En hy hat gelyk!

 

Aeltsje de Groot