Algemeen

Column Aeltsje de Groot - Undersiken

Ik wit net as jimme dat ek wolris ha. Dat men wat lêst yn de krante, de útslach fan ien of oare ûndersyk bygelyks. Wat dan uteraard it noadige koste hat. No ja, it hâldt de minsken ek oan it wurk, sille wy mar rekkenje.

Mar it komt geregeld foar, dat ik tink: “dat hie ik al lang betocht”. Sa stie der in pear wike lyn yn de krante, dat yn de takomst in protte fan de âlderen, dus de 60 oant 80 plussers,  ôfhingje sil.

As ik my net fersin, hie ik in pear moanne lyn in kollum, dy’t oer ditselde ûnderwurp gong, mei deselde útslach. 

No wiene der wol wat opmerkings oer dizze kollum fan de jongere generaasje, dy’t fûn, dat ik it te swart-wyt stelde. De maatskippij kin ek net sûnder jongeren, stelden sy. En miskien wie it ek wat te swart-wyt, mar dochs bliuw ik der by, dat in protte draait op it wurk dat âlderen frijwillich dogge. En dat dat yn de takomst mear wurde sil, is sa klear as in klûntsje, dêr hoecht gjin ûndersyk oan te pas te kommen.

Fan ‘e wike lies ik wer soksewat: as manlju allinne komme te stean, sykje se gauwer om in nije partner as froulju. 

Ik wit noch, dat ús mem ris tsjin my sei: “ik hoopje dat heit earder giet as ik. Ik soe net witte hoe as dy him rêde moat yn syn ientsje”. It is ek sa gongen, ús mem hat ús heit hast fjouwer jier oerlibbe.

No wie ús heit fansels fan de generaasje, dy’t kostwinner wie en him net bot mei it hûshâlden bemuoide. Alhoewol: hy wosk altyd ôf, en op sneon hie er ek wol syn putsjes, hy makke sels it húske wol skjin, en skrobbe de strjitte. Mar itenside wie der net by. As skoalmaster kaam er tusken de middei thús en dan stie it iten fanselssprekkend op tafel.

Ik wit noch, dat ús mem mei ischias op bêd lei, en dat ús heit op snein it iten dwaan moast. Troch de wike wie der in gesinsfersoargster. Hy soe saromapudding meitsje, mar ynstee fan molke die er der wetter by. Ik sjoch de griene substânsje noch foar my. En it waard mar net stiif…

Mar dat wie doe, mear as 60 jier lyn.

Tsjintwurdich kinne in protte manlju har hiel goed rêde mei it iten. Ik hie sels in man, dy’t der eins altyd foar soarge, dat der iten op tafel kaam. Hy hie der gewoan nocht oan.

Mar dochs tocht ik ek altyd: ik hoopje mar dat er net allinne bliuwt. No, myn “winsk” is wol útkommen, al hie ik dat leaver oars sjoen. 

Froulju ha tink ik oer it algemien it idee, dat se better allinne wêze kinne, as manlju. Is dat ek sa? No neffens it ûndersyk dus wol. 

Dat leit him allang net mear oan it feit, dat in man mei twa linkerhannen yn in húshâlding stiet.

Noch in útspraak fan ús mem: “in frou makket it wol wer gesellich. Dy stekt in kearske oan, soarget dat it fijn is yn ‘e hûs.” En sa wie it ek, sels doe’t se yn it lêst al hiel siik wie, wiene de kearskes oan, as ik by har kaam. En ek by my baarne der no in hiele protte kearskes.

Mar in ûndersyk is oan de oare kant ek mar in ûndersyk, en elk minske is ferskillend. De iene kin better allinne wêze as de oare. Ik ha twa frijgeselle broers, mar de iene hat dúdlik folle mear lêst fan it allinne wêzen as de oare. Kearskes brâne dogge se net ien fan beide…

Ik moast ek oan myn pake tinke, dy’t trije kear troud west is. Syn earste frou, myn beppe, stoar doe’t ús pake 44 jier wie. Binnen it jier wie er wer troud. Mei de frou, dy’t as húshâldster by him kaam. 

Mar dizze frou stoar nei sa’n oardel jier, en opnij kaam der in húshâldster. Dat wie de frou dêr’t er úteinlik hast 30 jier mei troud west is, en dy’t ik altyd “beppe” neamd ha. In hiele leave beppe, pake hie it net better treffe kinnen. Hy koe net sûnder in frou, mar it wie ek net goed kommen, as er gjin frou hân hie, hy wie manysk depressyf.

Eins tink ik: wat seit sa’n ûndersyk no. Wy witte dit allegearre wol. En gjin minske is gelyk, elk siket it gelok op syn of har eigen menier,  mei of sûnder partner.