Algemeen
Column Aeltsje de Groot: In útfanhûzer
Fannacht ha ik in útfanhûzer. No ha ik wol faker in útfanhûzer, mar dat is dan myn beppesizzer fan trije jier. Dêr hat men net safolle drokte mei. Mar no komt der in folslein ûnbekende frou. It iennige dat ik wit, is dat se “Susan” hyt, en dat se by in groep Mennonites út Amearika heart.
Hjoed binne se yn Fryslân en oernachtsje se hjir ek. De Meniste Gemeente fan Berltsum soarget foar ûnderdak. Ik stean dêr op de reservelist. Der wiene wat swierrichheden mei de oernachtings, dat sadwaande waard my frege, om ek immen te herbergjen. No gjin probleem, ik ha noch krekt ien keamer oer, dy’t as útfanhûzerskeamer tsjinje kin.
Mar dan begjint men jin eigen hûs ynienen hiel kritysk te besjen. Al dy swarte foegen yn de dûskabine. Hoe lang is dat wol net lyn, dat ik dêr ris goed mei in boarstel oerhinne gien bin? De útfanhûzerskeamer is op de solderferdjipping. Hoe faak spinreagje ik dêr?
Wy moatte ek waarm ite tegearre. Hie ik earder altyd in privé kok, dy’t it hearlikste iten makke, no moat ik it sels betinke.
Der stiet ek noch wol it ien en oar yn dy útfanhûzerskeamer, dat der eins net thús heart.
No, en gean sa mar troch. Jimme snappe wol, dat ik in pear drege dagen hân ha. Earst de badkeamer ûnder hannen nimme. Ik seach hieltyd mear swarte streepkes tusken de foegen…
Doe mar ris nei boppen. Opromje (dus alles yn it keammerke fan de beppesizzer skowe). Doarren fierder mar goed ticht, wat niet weet wat niet deert.
Spinreagje, bêd ferskjinje, poetse, flier dweile. Blomkes by it bêd, handoeken mei sjippe, krekt echt. In B&B is der neat by.
Fierder fansels ek noch de treppens goed by del, noch mear dweile. En dan ûnder alles ek noch ris by lâns.
No, it liket der sa stadichoan in bytsje op. No daliks noch wat iten klearmeitsje wat ik straks sa yn de oven skowe kin.
Oh ja, eins moat ik bûten de boel ek even oanfeie. Ha justerjûn de oprit noch wat ûnkrûdfrij makke, dus it liket al wer wat. Mar fierder moat de biezem der eins noch wol even oer.
Ik bin der no wol achter kommen, dat ik totaal net geskikt bin foar in B&B. Foar it each ha ik it wol netsjes, en ik gean der ek wolris mei in poetsdoek oerhinne. Mar yn feite bin ik gewoan maklik, en fyn it gau goed. It is wolris goed, as men in útfanhûzer kriget…
Earder hie ik wolris fan dy ideeën oer in B&B. Ik sjoch ek wolris nei programma’s oer B&B’s.
Geweldich, om sa gastfrou wêze te kinnen, en minsken yn de watten te lizzen. Oeral om tinke, alles blinkend skjin.
No minsken yn de watten lizze ha ik gjin beswier tsjin. Mar wat der fierder allegearre noch by komt… Ik ha sa’n idee, dat my dat fiis tsjinfalle sil.
Ik bin no al ynein fan ien gast, dy’t mar ien nacht komt.
En dy hat der neat fan yn de gaten. Dat de badkeamer blinkt en glimt as nea tefoaren. Dat alle treppens oant yn de hoekjes skjin binne. Al dy dweilde flierren…
Miskien is se wol sa wurch, dat se fuort op bêd wol. Ik hoopje trouwens al, dat se in bytsje goed op fuotten is. Twa treppens op nei de sliepkeamer. En stel je foar, dat se hielendal net fan broccoli en blomkoal hâldt. En hoe sit it moarnier? Wite bôle, brune bôle? Wat ite se eins yn Amearika?
De tiid sil it leare. It sil allegearre wol wer tafalle, sa as meastal.
In hiele protte drokte om neat, sa sil it wol wer komme.
Mar ûnderwilens is dochs dy badkeamer mar wer ris goed poetst. En binne de spinreagen op solder ek wer fuort, foar salang as it duorret.
Fansels ha ik no goede foarnimmens. Dy badkeamer sa hâlde. En boppe op solder dochs mar ris oan it opromjen. En dan bedoel ik echt opromje. Net de boel fan de iene nei de oare keamer skowe.
Dat is it grutte gefaar fan allinne yn in grut hûs wenje. Foardat men it wit, binne twa fan de fiif sliepkeamers bombadearre ta rommelhokken, dêr’t op in gegeven moment fanalles huzet.
Dizze kollum lit wol in protte fan mysels sjen. No mar hoopje, dat ik oare wike net oer de dyk gean: “dy Aeltsje, no dy makket der ek mar in rommeltsje fan. Dat hiene wy no nea fan har tocht...”
Aeltsje de Groot
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december