Algemeen

Column Aeltsje de Groot: In nije badkeamer

Nee, sels ha ik gjin ferlet fan in nije badkeamer. Mar ien fan myn bern is der mei dwaande en ik fernuverje my der oer hoe as dat tsjintwurdich yn syn gong giet.Earst al de offertes fan de oannimmers. Wat by de iene gjin probleem is, moat by de oare op in yngewikkelde (en djoere) wize oplost. En omgekeard. Eins soe men dan twa oannimmers oan it wurk ha moatte, kinne se beide de dingen dwaan dy’t “maklik op te lossen” binne!

Sa wurket it dus net en wat is dan wiisheid?

Dan komt it folgjende haadstik: der moatte tegels, waskbakken en in doeskabine útsocht wurde. Dat moat ek net al te dreech wêze. As men foar eagen hat, hoe as it wurde moat, kin men soks dochs útsykje by in badkeamerspesjalist?

Dat tochten de bern dus ek, dochter en skoansoan soene it op in sneon-te-middei wol even regelje. Tochten se. It rûn wat oars.

Yn it earste plak waarden se net al te entûsjast ûntfongen. Tegels útsykje? No bêst, mar as it allegearre leverber wie, wist men net. Doe’t myn dochter “de” tegel foar op de flier seach, waard der fuort by sein, dat dy op it momint wierskynlik net te leverjen wie. Wêrom as dan soks wol by de foarbylden sit, freegje ik my ôf.

Doe’t se ek noch graach doeskabines en wastafels sjen woene, waard de animo noch lytser. 

Echt wolkom fielden dochter en skoansoan har al lang net mear. Wylst se “gewoan” fan plan wiene om har tegels en de rest dêr te bestellen, waard harren it gefoel jûn, dat se der op út wiene om allerhande ynformaasje los te krijen, om it dêrnei fia ynternet goedkeaper ergens oars te bestellen.

Sa sil it miskien ek wol wêze soms. Mar ik tink, dat it tsjintwurdich dus in hiel ferskil makket, wat der by sok soarte saken komt. Hie ik dêr as âldere, dy’t in komfortabeler badkeamer hawwe wol, oan it útsykjen west, dan wie ik fêst oars behannele. Om’t ik fan de “generaasje” bin, dy’t net fia ynternet wat goedkeapers bestelle sil. Mei oare wurden: ik bin te fertrouwen.

Komme myn bern, dy’t wol fan de ynternetgeneraasje binne, dan om itselde, dan wurde se oars behannele, en is it fertrouwen der net.

En dat is raar. Uteinlik soe der dan in mailtsje komme fan wat no wol en net leverber wie. Dat mailtsje kaam pas, nei’t myn dochter maild hie hoe as it no siet. In neatsizzend mailtsje: “de tegels wiene net leverber". Punt út. Ek gjin alternativen. Ek net even in nije ôfspraak om te sjen wat der dan wol kin. Dus is it no “einde verhaal” mei dizze badkeamerspesjalist.

Dizze tinkt: “sjoch ik ha wol gelyk hân, se heakje ôf en sille it wol fia ynternet bestelle.” 

Undertusken leit it ferhaal hiel oars en moatte dochter en   skoansoan wer opnij begjinne. Want se wolle gjin tegels of doeskabine fan it ynternet plukke. Se wolle sjen, wat se keapje. In miste kâns dus foar de spesjalist.

Mei dit ferhaal yn de achterholle, tink ik oan al dy jierren, dat ik yn de winkel stien ha. Wy ferkochten produkten, dy’t miskien dan wol fia ynternet besteld wurde koene, mar dan dochs altyd noch by ús sels yn de winkel ophelle wurde moasten. Dus it probleem fan strunende minsken, dy’t dan ergens oars bestelle wie der net of praktysk net.

Mar as dat wol sa is, dan giet men dochs net sa mei de klanten om? As men in klant al net fertrout om’t dy fan in bepaalde generaasje is, dan doocht it dochs net? Of begjint dat it ge-woane ferkeapjen te wurden, minimale ynformaasje jaan, om’t men der al fan út giet, dat der dochs net wat kocht wurdt? Ik hoopje net, dat dit de wurklikheid wurdt, want dan bin ik bang, dat der ferskillende saken de doar ticht dwaan kinne. Net om’t der klanten komme, dy’t allinne mar sjogge en net keapje. Mar om’t se dit sels yn de hân wurkje, troch in klant net te fertrouwen.

Ik tink no oan in foarbyld fan mear as 30 jier lyn. Doe gong it net oer ynternet, mar wol oer in oardiel dat fan te foaren al makke wie. 

Ik kocht in jurk foar ien fan de dochters yn in djoere merk- winkel. Doe’t ik der ek noch in maillot by keapje woe, sei de ferkeapster: “weet u wel, dat deze ook duur is?” Ik ha ôfrekkene en bin der noait wer west..