Algemeen

Column Aeltsje de Groot: Dreamhús op it plattelân

Oerdei nei de tillevyzje sjen, sit noch altyd net yn myn systeem. Wy krigen thús in tillevyzje yn it jier dat ik tsien waard, no 60 jier lyn. En fansels wie der doe net de hiele dei tillevyzje. Twa netten, en dat begong pas jûns. Allinne op woansdei- en sneon-te-middei wie der fanôf in oere as healwei fiven bernetillevyzje. 

Oerdei tillevyzjesjen wie dus net oan de oarder. En gek genôch ha ik dêr ek no noch altyd gjin ferlet fan. It seis oere sjoernaal en dan dêrnei de regionale omroppen, Noord Zuid Oost West en Binnenste Buiten. Dat is myn rideltsje as ik thús bin.

Sûnt koart ha ik der in nije “ferslaving” by: “Droomhuis op het platteland”. Dat komt middeis wat earder op de buis, sa tsjin fiif oere. As ik echt nergens mear sin oan ha, dan wol ik der noch wolris foarhingje tsjin dy tiid. Mar meastal sjoch ik it jûns werom, as “der fierder neat mear op de tillevyzje is.” It is fansels belachlik om dat te sizzen. It docht ek wol bliken, dat wy ferskriklik bedoarn binne. Safolle kar, en dan “neat” om te sjen? Fansels, der binne soms prachtige dokumintêres. Of natuerprogramma’s. Dêr sjoch ik dan ek noch wol nei, as it my ynteressearret. Mar al dat gepraat, al dy mieningen fan dy minsken, dy’t fan it iene net nei it oare hoppe en oeral itselde fertelle, no nee. Leaver net.

En minsken dy’t sa noadich nei it bûtenlân ferhúzje wolle en tsjinslach nei tsjinslach krije, ek net myn ding. Sa kin ik noch wol even trochgean. En ik besef no, dat ik klink as in âlde ûntefreden brombear. Want gelokkich binne der in protte minsken, dy’t allerhande programma’s hiel moai fine. En dat mei ek.

Der sille ek grif minsken wêze, dy’t neat oan “Droomhuis” fine. Of :”de grote tuinverbouwing”, of “weer verliefd op je huis”. Sjoch, dat is no krekt, wat ik wol fantastysk fyn. En it is dus gewoan ordinêr “gluren bij de buren”. En dêr dan fuort ek wer in oardiel oer jaan. Dat kin ik fansels sûnder skamte dwaan, der is dochs net ien dy’t it heart. 

Nei sa’n programma sjoch ik altyd om my hinne. En dan moat ik der net oan tinke, dat in oar yn myn húshâldinkje om be-gjint te skuorren. “Dat kammenet kin echt net mear yn dizze tiid. It mei wol bliuwe, mar dan moat it wol in oar kleurke ha. Of: “Dy âlde Fryske klok, fuort der mei. Kin echt net mear.” En dan myn moaie reade bank, dy’t ik ek al hast tweintich jier ha. Gewoan rjocht en sljocht, sûnder útsko eleminten, of om ‘e hoeke dingen. Sûnder “organyske foarmen”. Mei kessens, dy’t der ek al jierren op lizze.

Sa kin ik noch wol even troch gean. Ik snap bêst, dat in yn-rjochting sûnder ferline, soms ek noch wat by elkoar socht fan twa ferskillende húshâldings, wol yn de kontener kin. En it is meastal ek wol moai, wat der foar yn it plak komt. Mar ik soe fan syn levenste dagen myn âlde guod net kwyt wolle. Dus gnúf ik mar moai by in oar.

Dan ha wy “Droomhuis”noch fansels. Dit spilet him ôf yn Ingelân, en allinne dêrom is it al prachtich om te sjen. De omjouwing komt oan bod, dingen dy’t der te dwaan en te sjen binne. En ik freegje my elke kear ôf, wêrom as wy net massaal nei Ingelân ferhúzje. Wer’t men ek is, it tilt op fan de natuergebieden, prachtige wetters, skitterende heuvels, pittoreske doarpkes…

En dan dy huzen, dy’t besjoen wurde. Prachtige “cottages”, ferbouwde “barns” (skuorren), sels in ferboude kapel kaam lêsten ris foarby. Yn de regel in enorme wenkeuken, keamers mei houtwurk, altyd in grutte hurd, in grutte sliepkeamer, mei in eigen badkeamer, en dêrneist soms noch ien of twa badkeamers, en neam mar op. It is oer it algemien hiel Ingelsk wat der foarby komt, ek de ynrjochting. Ek net sa myn ding, mar dochs sit ik der foar. 

Gewoan om lekker kommentaar te jaan. Want der mankeart neffens de keapers hast altyd wol wat oan sa’n hús. Te lyts, te grut, te min badkeamers, te min útsicht. Te ticht by it doarp, te fier ôf.

It lit fansels net sjen hoe as men yn trochsnee libbet yn Ingelân. De minsken yn it programma ha wol wat te besteed-zjen. Mar se meie fan my wolris wat gauwer tefreden wêze. De rest fan myn kommentaar hâld ik mar foar mysels...