Algemeen

Column Aeltsje de Groot: De útfanhûzer

Al in skoftsje sit ik achter de laptop. De kollum moat hjoed op papier, de rest fan de wike komt it der net mear fan. Meastal ha ik wol in ûnderwerp yn de holle. Ik lês wat yn de krante, dat myn oandacht lûkt, of ik meitsje wat mei, dat wol yn in kollum ferwurke kin.

Mar de lêste twa wiken draait alles om myn útfanhûzer, en ik kin ek net wat oars betinke. Myn holle sit gewoan fol mei hûn. Dat is dus de útfanhûzer, de stabij fan myn jongste dochter. Dy’t twa wike yn fiere oarden is mei har freon. “Beppe” past elke moandei al op, dus de hûn is wol wend om hjir om te slaan. En och, it is “mar” fjirtjin dagen. Moarn is it feest wer út en hat “beppe” it hûs wer foar har allinne.

No ha wy altyd wol katten hân, al bin ik der net mear oan begongen, doe’t de lêste ferdwûn. Se wie al in skoft siik, hie nierproblemen en is op in gegeven moment net wer thús kommen.

Fansels is men dan earst wol ûnwennich. As ik moarns ûnder kaam, stie se altyd foar de keamersdoar en moast it itensbakje fuld wurde. Mar fierder hat men net folle omsjen oan in kat, dy komt en giet as it him of har útkomt. 

In hûn is dochs wat in oar ferhaal. En ik moat no tinke oan al dy hûntsjes, dy’t yn de koroanatiid “oanskaft” waarden. Sa koe men der elke dei dochs even út, en it wie ek wol gesellich as men fierder de hiele dei thús siet. Wy kinne allegearre de ferhalen fan de hûnen, dy’t op in gegeven moment yn it asyl rekken, om’t it dochs “mear wurk” wie, dan as men tocht.

Of dy’t muoilik te hantearjen wiene, om’t se net in goed opfoeding hân hiene. Hûnetreningen wiene der yn dy koroanatiid ek (hast) net, dus elk moast him der mar mei rêde.

Ik kin it elk oanriede: in hûn earst “op proef” in pear wike, dat is ideaal. Fansels is dat yn de praktyk net sa maklik. Men kin by it asyl net oankomme fan: “ik wol earst in proeftiid fan in moanne, en as it net befalt, dan komt de hûn werom.” Foar de hûn sels is soks fansels hielendal in ramp.

In hûn dy’t útfanhûs is, is wol in ideale menier om te sjen, hoe as it eins is om elke dei in hûn om jin hinne te hawwen.

De hûn dy’t ik no ha, is it wend, dat syn baaskes thús wurkje. Dus as “beppe” achter de laptop sit, jout er him rêstich del. Trouwens sowieso as ik by de tafel yn de keuken sit, ek as ik de krante lês of in boek. Ek no leit er noflik op syn kessen te sliepen.

Mar ik sit al wer mei ien each op de klok te sjen. Fan ‘e middei in fergadering. Dus moat ik der earst op ‘e tiid mei him út. En middeis fyn ik it ek wol lekker om in ein om, dus ik wol der minsten in oere foar útlûke. Dan moat ik om healwei ienen wol fuort. Eins wat oan de betide kant, meast gean ik in oere as twa mei him nei bûten...Fansels kin ik him ek meinimme nei de fergadering. Hy jout him altyd wol del, as ik him dan mar even fêst set.Oan de oare kant: hy kin thús wol even allinne, as er der earst mar út west is.

Dêr bin ik dus achter kommen. It libben is tige regelmjittich mei in hûn, want hy giet nei bûten op redelik fêste tiden. Dat is it minste net. Mar moarnier moat ik al betiid nei de tandarts, dus in oere earder as “normaal” mei de hûn der út. En sa ha ik sa faak ris wat. Lokkich wie der hieltyd in  “reserve opfang” foar as ik langer as in pear oerkes fuort wie. En ik bin noch alris op stap...It is in protte geregel, en dan komme der soms ek noch ûnferwachte dingen tusken, sa as in kremaasje yn Lelystêd. Dan is men ek wol even ûnderweis.

Ik wit no wat it is. En ik sil him misse, as er moarn wer nei hûs giet. Mar ik wit wol, dat ik der noch net oan ta bin, om elke dei in hûn om my hinne te hawwen...Ik bin wend, dat ik myn eigen gong gean kin. En dy frijheid wol ik foarlopich dochs noch net kwyt!

 Aeltsje de Groot