Algemeen

Column Aeltsje de Groot: Buorlju

Krekt sa as foarich jier, folgje ik ek dit jier wer in 

kursus “skriuwen” by de “Groninger Schrijversvakschool”. Mei 7 oare kursisten doch ik de Fryske ferzje en wy hoege der net foar nei Grins, mar nei Ljouwert. Dit jier ha wy fjouwer blokken: toaniel skriuwe, proaza, essees, en as lêste poëzy. Op dit momint sitte wy noch yn de “essees”, en dat wie foar ús allegearre in hiel nij fenomeen. Wy krigen de earste opdracht foardat wy it oer essees hân hiene, en elk wie dan ek bot oan it googeljen slein, om der achter te kommen, wat de bedoeling wie.

It ûnderwurp wie: “buorlju”. No dêr is fansels it noadige oer te fertellen, mar ja hoe docht men dat yn in essee? De konklúzje wie úteinlik, dat wy it allegearre fierstente wittenskiplik oanpakt hiene. De iene hie der noch mear ûndersiken by helle, as der oar, oant it gedrach fan iikhoarntsjes ta. En allegearre hiene wy netsjes de “bronfermelding” der by set. No, sa moast it dus net. In literêr essee giet der oer, dat men in fraach stelt en dêr úteinlik in andert op jout, mar it hoecht net wittenskiplik ûnderboud, It moat per-soanlik wêze.

As men noch nea mei soks te meitsjen hân hat, dan falt it net ta om it goed op papier te setten. Want it mei ek wer gjin kollum wurde. 

Jûn besprekke wy de essees, dy’t wy opnij skriuwe moasten. Oer itselde ûnderwurp. Ik bin tige benijd. De iikhoarntsjes komme ek no wer foarby, se libje langer as se in goede relaasje mei buorlju iikhoarntsjes hawwe. As dat mei minsken ek sa is, freget de skriuwster har ôf. Fierder komme de meast útsûnderlike buorlju foarby. In drugsdealer, dy’t nachts om trije oere oanbellet foar in aai. In psychotyske buorfrou. Buorlju mei lûde housemuzyk. Buorlju, dy’t men nei jierren noch net kin. En yn ien essee krekt it foarbyld fan it lytse doarp, dêr’t men noch gewoan foar elkoar klear stiet. Ik sit der in bytsje tuskenyn. Myn essee giet oer “buorreskip” of “noaberschap” sa as dat yn Drinte en Twente sein wurdt. Hiel lang in fanselssprekkende saak, foaral as it gie om help by rou en trou.

Dat is fansels al lang net mear fan dizze tiid. Al sit it der op de lytsere doarpen noch wol ticht by, tink oan begraffenissen, dy’t fanút it doarp regele wurde, mei dragers út it doarp. Wat ek wer minder wurdt, om’t minsken it tsjintwurdich graach persoanlik hâlde wolle en dingen sels regelje.

Mar dêr giet it no net om. Ik ha besocht yn myn essee om te kommen ta in soarte fan konklúzje, en ik betocht dat der tsjintwurdich dochs allegearre initiativen ûntsteane. Buorlju dy’t in buertapp hawwe. Buorlju dy’t mei elkoar ite. Dy’t mei elkoar in tún hawwe. Dy’t dingen fan elkoar liene.

Sels yn de grutte stêden komt dit soarte fan mienskipssin wer hieltyd mear foar, en ik fyn dus, dat der dochs in soarte fan noaberschap.2 ûntstiet. Dat minsken dus blykber dochs ferlet hawwe om mei elkoar wat te dwaan, en der ek foar elkoar te wêzen.

No ha ik ûnderwilens nei de kursus west, en ús essees binne besprutsen. Myn twadde ferzje wie better as de earste, mar fansels mankearde der noch wol it ien en oar oan. Sa bin ik wat “moralisearjend”. Ik ha in miening en jou oan dat ik fyn dat it sa wêze moat. Dat is yn in essee net de bedoeling. Dus der hoecht ek net in konklúsje te kommen. 

Myn gefoel oer it buorreskip fan hjoed de dei skynt de lêzer dan wol te ynteressearjen, en ik moat wat minder “leaf” wêze. Skerper en kritysker.

Oei, skerper en kritysker. Sa sit ik eins net yn elkoar, menear de dosint. As middenstanner bin ik fansels altyd in “pleaser” west, want de klant is kening. Mar om’t dat al yn myn aard leit, ha ik dêr nea muoite mei hân.

En witte jimme wat it is? Ik ha op hiel wat plakken wenne, en al hiel wat buorlju hân. Mar earlik sein ha ik noait ergens problemen hân, sels net doe’t ik op It Hearrenfean wenne, dochs in redelik grut plak. Dêr hiene wy krekt geweldige buorlju. Echt negative ervarings ha ik dus noch nea hân. As ik sjoch wat der by myn mei-kursisten foarby kaam…

Ja en myn ferhaal bliuwt posityf. Want ek yn Stiens ha ik totaal net te klaaien oer myn buorlju. Neffens my witte dy hiel goed wat buorreskip ynhâldt! λ

Ik winskje jimme allegearre folle lok en seine foar it nije jier