Algemeen
Column Aeltsje: Bernefantasije
Myn ûnthâld hat altyd goed west. Sa wit ik noch in protte fan myn earste bernejierren. En dat wit ik, om’t wy ferhuze binne fan Rie nei Doanjum, doe’t ik noch gjin fjouwer jier wie.
Alles wat ik noch fan Rie wit, is fan foar myn fjirde jier. Ik moast der oan tinke, doe’t ik oan it oppassen wie by myn jongste beppersizzer. Hast trije jier.
Beppe wurdt dan meinommen yn allerhande fantasije spultsjes. Sa kaam it dus, dat ik tocht oan dy spultsjes, dy’t ik ea betocht, doe’t ik sa’n trije jier wie.
De tinte, dy’t ús mem fan de tafel makke, troch der in pear tafelkleden en in grutte handoek oer te hingjen. Dat de Bibelferhalen, dy’t ús heit nei it iten foarlies, doe al yndruk makken, docht wol bliken út it feit, dat Abraham en Sara yn dy tinte wennen. Dizze “aartsvader” mei syn frou ha wol ta myn ferbylding sprutsen. Se wennen by ús ûnder de tafel.
Dan wie der ek noch “Ante”, dy’t efter it doarke fan it dressoir wenne. Gjin idee hoe as ik oan dizze namme kaam. In ûnsichtbere freon, dy’t sa no en dan ris foar it ljocht kaam. Ante hat lang yn it dressoir wenne, want ek nei de ferhuzing nei Doanjum wenne hy (of sy) dêr noch.
Op in gegeven moment wie Ante der net mear, mar fergetten bin ik him of har nea, want ik wit it noch…
Ik soe jimme noch wol folle mear fertelle kinne út dy earste bernejierren. Miskien wurdt it tiid om alles ris op papier te setten! De kears dat ik siik wie en op twa oan elkoar skode stuollen lei. Mei de gerdinen ticht. Ik sjoch noch hoe as yn de streep sinneskyn dy’t troch in kier kaam, it stof dwarrele.
Of doe’t “Jankepop”, de âlde pop fan myn mem, hielendal stikken en fersutere, op de brânbult kaam, dy’t ús heit makke hie om “troep” op te stoken. Ik snap noch net, hoe as hy dat no dwaan koe, dy pop wie myn alles. Fansels krige ik dêrnei in nije pop en wie it berneleed wer fersachte.
Dochs bin ik ek dit nea fergetten….
Dit alles skeat troch my hinne, doe’t ik mei de beppersizzer yn “de trein” siet. Mei de knyn. “Wy geane mei de trein nei Stiens beppe. Dêr geane wy útfanhûs”.
Mar foardat wy yn Stiens wiene, moasten wy ite. Earst útstappe. De doar waard (sabeare) iepen en ticht dien, dat moast beppe ek dwaan fansels. Lize hat noch nea yn de trein sitten, dus dat de doarren automatysk iepen en ticht geane, hat se gjin aan fan.Mar dat hindert neat. Wy moasten nei de lift. Taffeltsjes en stuoltsjes waarden ferskood, en doe sieten wy yn de lift. Mei knyn en al. Dêr waard de tas útpakt, dy’t fol mei “iten” siet.
Lize en knyn krigen lekker fleis, beppe mocht wol spinazy hawwe. Dúdlik net de favoryt fan Lize. Der waard aardich oaniten yn de lift, mar úteinlik koe de reis fierder nei Stiens.Einbestimming wie de keuken, dêr waarden kessens en tekkens op de flier lein, de bêden.Ek de stuoltsjes en taffeltsjes ferhuzen mei, en in stikmannich boekjes. Want fansels moast der al “lêzen” wurde, foardat wy op bêd koene.
Nei in protte gewrot lei beppe einliks op de flier (help, hoe kom ik wer oerein?) en koe Lize “foarlêze”. Earlik sein wie beppe doe al sa fier, dat se har echt wol even deljaan woe, mar dat is fansels net oan de oarder, as men op in trije-jierrige past. Want de nacht wie samar wer foarby. “Ik help beppe wol oerein”. No, dat wurdt him net fansels, mar fia it lege stuoltsje kaam beppe dochs wer omheech. Dy ferhipte knibbels ek…Hjirnei moast der “echt” iten wurde. De stikjes bôle gongen der prima yn nei al de aventueren.
En dan is de dei noch lang net om. Middeis: in blokje om. No, ek dan is der fanalles te belibjen en te sjen ûnderweis. Wy ha sels noch kastanjes fûn, dy’t ûnder de hage leine.Der wie in kastanje by, dy’t al opnij útspruten wie. Dy moat fansels yn in pot mei modder, dan komt der in nije kastanjebeam! Wy kamen by it “kabouterbosk”, dêr’t Lize hiel lûd om de kabouters roppen hat. Mar se kamen net foar it ljocht. Spitich.
Wat in rykdom, om sa in dei te libjen yn dy bernefantasije. Sil Lize der oer 65 jier ek sa oan werom tinke as ik no?
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december