Algemeen
Bakkersguod fan Bakkerij Nico & Aeltsje yn besikerssintrum 'Terp Hegebeintum'
Yn it besikerssintrum fan Hegebeintum is der gelegenheid om in tydlike eksposysje yn te rjochtsjen. Yn febrewaris waard ik frege om de fitrines yn te rjochtsjen mei (âlde) dingen út de bakkerij. No stiet der genôch yn myn kast yn de gong, dus dat like my gjin beswier.
Mei tassen fol guod sette ik op in reinige snein ôf nei Hegebeintum. De fitrines wiene samar fuld. Yn de moannen maart en april is dizze útstalling te sjen. Bakkeblikken mei in nostalgysk tintsje, âlde koeketrompen en fansels gebrûksfoarwerpen út de bakkerij. En as ik noch mear tsjin kom, kin de kolleksje altyd útwreide wurde. Wolle jo witte wat in bôle 100 jier lyn koste? Ek dat kinne jo gewaar wurde!
Iepeningstiden:
April o/m oktober Moandei o/m sneon: 10.00 - 17.00 oere. Snein/ feestdagen: 12.00 - 17.00 oere
Novimber o/m maart Tiisdei o/m sneon: 13.00 - 17.00 oere. Snein/ feestdagen: 13.00 - 17.00 oere
Bezoekerscentrum te Hegebeintum, Pypkedyk 4. www.hegebeintum.info
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 21 november
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december