Algemeen

BAKKER: Alle libbenslessen yn ien jûn

Wy ha in wykje fakânsje en sitte yn in fantastyske B&B yn de buert fan Antwerpen. In kilometer as 15, fierder is it net. Dus betochten wy, dat wy dat wol op de fyts nei Antwerpen koene. 

De fytsen fan ús gastfrou en gasthear stiene foar ús klear. Dus justermoarn mei prachtich waar op nei de grutte stêd. By it Albertkanaal lâns, net te missen. It lêste stikje mei de “wetterbus”. Yn de dokken fan Antwerpen wer op de fyts, en foardat wy it wisten, sieten wy yn it sintrum. Fansels mei de winkelstrjitte mei alle merken, dy’t wy yn Nederlân ek yn ús winkelstrjitten ha. Mar ek mei ûnferwachte parels. In winkelsintrum yn de eardere “feestseal” fan Antwerpen. In enorme hal mei in ryk fersierd plafond, prachtige treppen. De eagen ticht, en men seach de minsken dûnsjen yn de prachtigste baljurken en ryk fersierde unifoarms...Ek it stedspaleis is omboud ta winkelsintrum. 

Mar wer’t it yn dizze kollum oer giet, is de weromreis. Wy hiene ergens iten, en fregen, hoe wer by it Albertkanaal te kommen. No, earst mar by de Skelde lâns, en dan kamen wy wol by it kanaal....Dat gong dus net sa as wy tochten. Wy belânen op in yndustyterrein en rûnen fêst yn de stekken. Wer werom. In iensume  kuierster wist ek net wert wy wiene. Mar: “daar ligt Hoboken”. No dat stiet op in kaartsje, dat wy hiene, en wy mienden mar dat wy dy kant út moasten. Op ingegeven moment wie der wetter: it Albertkanaal! It paad waard der net better op. Unferhurde, stikdonker, en dat mei mar ien fertsoenlike foarlampe. (wy hiene earst al fytslampkes yn in jûnswinkel kocht, om’t wy mar ien wurkjende foarlampe hiene)

Om koart te gean: midden op (alwer) in yndustryterrein kamen wy der achter mei help fan in behelpsume Belch, dat wy lâns de Skelde fytsten, totaal de ferkearde kant út. Dus wy moasten werom nei Antwerpen, en dan nei it noarden...

It ferhaal wurdt te lang as ik fertelle moat, wat der allegearre noch op ús paad kaam. Mar ien ding foar de dúdlikheid: de kaarten dy’t wy hiene, fertelden net hokker kant as wy út moasten. Fan paadwizers moatte de Belgen ek net folle ha, dy kamen wy tsjin, doe’t wy der hast wiene. En no snappe jimme fansels net, werom as wy net gewoan de tillefoan brûkt hawwe. No: dy fan my hat op ien of oare menier gjin ynternet, sels net by “frije”wifi. En Nico syn tillefoan wie leech...Mar hieltyd as wy it absolút net mear wisten, kaam der rêding. In behelpsume jonge, dy’t ús de goede wei wer opstjoerde mei syn gps. In Mac Donalds fol hingjeuchd, dêr’t de tillefoan opladen koe. Myn tillefoan, dy’t doe dochs wer oanjoech wêr't wy wiene. It wie doe in oere as healwei alven, en wy wiene al fjouwer oeren ûnderweis. Mar doe soe it klear komme, Nico syn gps wurke! Mar: de tillefoan wie noch mar 30% opladen. En dy hâlde der nei tsien menuten al wer mei op. Gelokkich hie “se“ ús al oer in yngewikkeld krúspunt lieden. En ik hie foto’s makke fan de route op Nico syn tillefoan. Op in gegeven moment stiene wy midden yn in plak, gjin idee wat foar kant as wy út moasten. Mar doe kaam ien fan de lêste wûnders: myn tillefoan joech noch oan, wêr't wy stiene! En sa koene wy ús oriëntearje. Links ôf, en dan altyd rjochtút. Op hoop fan segen...Doe’t ik noch ris op myn tillefoan seach, wie it gps sinjaal al wer fuort. Wat wiene wy bliid, dat wy it buordsje fan “Ranst”seachen, it plak dêr’t ús B&B stiet. De lêste hindernis: hoe fine wy de goede dyk? Nachts om healwei ienen joech in al net mear sa nuchtere man de oplossing: werom (wol in pear kilometer!), en by de supermarkt fan Vrancken rjochts ôf. En ja: dêr kamen wy op de dyk, dy’t wy de deis dêrfoar ôfrûn wiene. Tsjin ien oere stiene wy wer foar “’t Blauwe Schaap”. Noch noait sa bliid west om in “skiep” te sjen.

Mar wat wy leard ha: as de need heech is, komt der altyd wer rêding. Twa fan ús kaarten binne wy noch kwytrekke, in fytslampke...Mar it kaam goed. 

Hjoed geane wy te kuierjen. Mei in opladen tillefoan. Mar as der in berjochtsje komt fan twa fermiste Hollanders, dan witte jimme wa’t it binne...

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.   Zie ook de advertentie op pagina 2