Algemeen
Âlde Sije (diel 1)
In nij jier, in nij ferhaal. In detective dizze kear, wêr ik jo de komende tiid mei hoopje te fermeitsjen. It is fansels yn dielen en omdat dêr hieltiid fjouwer wike tusken sit kinne jo it miskien útknippe of it sa no en dan op myn Facebook side neilêze.
Sije Boskma, in man fan dik yn ‘e tachtich, wenne op in lyts spultsje yn de Hijumer Mieden. Hy wie, nei it
middeismiel, efkes út ‘e wei gien mar waard mei in skok wekker om ‘t er wat hearde by de efterdoar. Hij ferwachte net ien, wie dit wol goed spul?
Yn in eachwink gienen dizze gedachten troch him hinne en drekst draaide er him op ‘e side, taaste yn ien beweging nei de pook ûnder syn bêd en rôp mei swiere stim: ‘Wa is dêr?’
‘Ik bin it pake, Sije!’ Lytse Sije, tocht er, skrepte gau fan ‘t bêd, rûn it alkoof út, it keukentsje troch nei it efterhûs en die, súver wat efter de pûst, de efterdoar fan it slot.
De grouwe reade boarre, dy der tagelyk mei lytse Sije ynkaam, gie nei de swarte kat, dy op in âld tekken lei te sliepen, besnuffele har en gie der neist lizzen. De swarte die de kop omheech, seach de reade en joech har wer del.
‘Sije jonge, wat litsto my skrikke, wat moaisto hjir?’ ‘ Ik ha in lekke bân!’ ‘ O, en wat wolst no?’ ‘ Pake syn fyts brûke, dan hoech ik net te rinnen, mar kin ik nei hûs ta fytse!’
‘Och jonge, dy kin ik eins net misse want hoe moat ik dan yn it doarp komme?’
‘Ik ha mei heit belle en dy hellet jûn myn fyts hjir wei en bringt dy fan pake werom.’
‘Soa, jim ha it al foar mekoar hear ik wol, no dat moat dan mar, helje him mar út it hok, de hoksdoar is wol iepen.’ ‘Moai, bedankt hear pake.’ ‘It is goed hear jonge!’ Nei in groet rûn Sije wer nei de keamer en gie yn in grutte stoel sitten. Hy moast earst bekomme fan de skrik en hime der noch oer. Syn gedachten gienen nei syn pakesizzer. Ienichst bern fan harren ienichste soan Jelke en skoandochter Styntsje dy yn Marrum wennen. Wat wienen Janke en hy bliid doe se hearden dat se pake en beppe wurde soenen. In jonkje wie it wurden, in lytse Sije! Hy woe it foar in oar net heal wêze, mar wat wie er fergulde doe er hearde dat er ferneamd wie. De jonge wie no trettjin jier en al grutter as him, mar it wie en bleau lytse Sije.
Hy gie nei de havo yn Ljouwert en fytste alle dagen hinne en wer fan Marrum nei Ljouwert.
Lytse Sije wie allinnich bleaun en der soenen ek wol gjin bern mear komme by Jelke en Styntsje. Sa jong wienen se net mear en Styntsje soe de lêch wol út ha, tocht er.
Hy seach op de klok, hast trije oere, tee tiid!
Janke soe wol sizze: ‘Alles op syn tiid, dêr moast om tinke Sije, want dêr bliuwst it bêste by! Janke, syn wyfke, wat miste er har noch altyd! Hoe lang wie se ek al wer wei? Hast sân jier, rekkende er út. Wêr bleau de tiid.
Wat hienen se it goed hân tegearre op dit spultsje. Hy wurke by de boer en sy holp hjir en dêr yn de húshâlding. Nei in skoftke koenen se in pear kij keapje en dy fersoargen se tegearre moarns en jûns. En doe, nei hast tsien jier kaam Jelke. Wat in stik bûter yn ‘e brij! Wat wienen se wiis mei de lyts jonge, dy letter fêst de buorkerij oernimme soe, hopen se. In grutter spul hjir mei Jelke as boer dat wie harren dream, mar spitich genôch wie dy dream net útkommen, want Jelke woe gjin boer wurde. Hy woe leare en dat koe er ek. Nei de legere skoalle earst nei de HBS yn Ljouwert en doe wurkje en dêr jûns by leare. Bedriuwslieder wie er wurden op in saak yn Marrum en dêr hie er him mei Styntsje te wenjen set. Se wienen sûn en lokkich, hienen it dêr nei it sin mei har trijen en wat woenen je dan noch mear!
Janke en hy wienen op it spultsje yn de Mieden bleaun. Mei it âlder wurden wie it wurk harren te folle wurden en wienen se it iens wurden om de kij mar te ferkeapjen en it lân te ferhieren. Sa koenen se der, mei de aow derby, goed fan rûnkomme.
Yniens krige Janke nochal wat lêst hjir en dêr. Nei nochal wat besykjes oan it sikenhûs die bliken dat se in slimme sykte ûnder de lea hie en nei krapoan in heal jier wie se wei. Sûnt dy tiid wenne hy hjir allinnich. De fûgels en syn beide katten holden him selsskip en bûten Jelke, Styntsje en lytse Sije hie er net folle oanrin. No ja, sa no en dan kaam der ris ien del mei in kollektebus. Lykwols de measten wie it te fier om nei him ta foar dy iene euro. Mear joech hy net. Net dat er net mear betelje koe, mar hy fûn dat genôch, want as elk ien euro joech, dan krigen se ommers al miljoenen binnen! No dan!!! λ
Etie Pasma, Stiens 2023
Laatst geplaatst
Agenda
-
Ma 13 januari
-
Di 14 januari
-
Wo 15 januari