Algemeen

kofje op doe syn mobiele tillefoan gie. Hy naam op en hearde: ‘Wytsma, binne jo yn ‘e buert’  ‘Ja, ik bin yn Ljouwert, hoe sa?’  ‘De útslagen fan de oerfal op Boskma út Hijum komme krekt binnen!’  ‘Moai, ik kom der oan!’ Op it buro wie it hiele team by mekoar en elk siet foar in kompjûterskerm, benijd wat der útkommen wie. Wytsma bûgde him nei ien ta en sei: ‘Alles útprintsje en by my bringe.’  Hy krige as kommentaar: ‘It stiet ek op jo kompûter Wytsma!’  ‘Dat wit ik wol, mar ik wol it op papier ha, dan kin ik it rêstich ien foar ien besjen. Jim meie graach foar dat skerm sitte te loeren, mar ik net. Ik bin noch fan de âlde stempel en hâld net fan skrollen, sa as jim dat neame. En bring my dan earst de útslach fan dy poep, want dêr bin ik it meast benijd nei!’  

Doe er de útkomst seach, fan wat se by Boskma yn it húske fûn hienen, rôp er mei stim ferheffing: ‘Dêr is ‘t al sa! Ien en deselde dieder as op dy oare plakken!’ Ek de útslach fan de fingerprinten wienen fan de selde persoan, mar dêrby wienen tagelyk ek dy fan syn maat ynbrekker, dy se op oare plakken, mar ek yn Hijum oantroffen hienen. Hy siet in skoftke te knikken en sei: ‘We binne in stapke fierder mannen, dit binne de dieders. Dizze twa ha de âld man sa tramtjearre. De ûngelokken! Mar no moatte we se noch fine!’  

Op de neimiddei wie op it buro hast elk nei hûs, allinnich Doede Wytsma net. Hy wist dat er noch wat dwaan moast en seach, yn gedachten foar him, hoe it âlde mantsje yn it sikehûs, troch syn skuld, syn holle beet pakte en rôp: ‘Ophâlde!’ en dat er dêrnei yn de kjessens weisakke!  Hy beslút om earst nei it sikehûs te beljen en dêr krige er gelokkich it bericht dat Boskma wer wat better wie en hjoed al besite hân hie fan syn famylje. Dat joech him hoop dat syn ûnderfreegjen net hiel folle skea oanbrocht hie en dêrom skille er in bytsje ferromme nei de Boskma’s.

Styntsje pakte de tillefoan oan en doe er syn namme sei krige er de wyn fan foarren, want skoanheit hie harren ferteld oer it barren fan dy moarn. Wytsma koe oars net dwaan as syn ekskús oanbiede en hy frege as er miskien efkes mei har man prate koe. Jelke hearde de resezjeur drekst sizzen dat it him slim yn ‘e wei wie dat er dy moarns tefolle fan syn heit frege hie en dat er hope dat hy dêr net in tebeksetter fan krigen hie.

Jelke sei dat syn heit it allegearre noch goed betinke koe wat der bard wie dy moarns en dat er tocht dat it wol wat tafalle soe!  ‘Mar jo hienen mear nijs, of belje jo allinnich hjir foar?’ frege er. ‘Nee, net allinnich hjir foar, ik ha yndie mear nijs. Dat is dat we no witte, troch de fingerprinten en it DNA materiaal wat der op út húske efterlitten is, wa der by jo heit ynbrutsen ha. Al moat ik der wol by sizze dat we spitich genôch net witte wa dat binne.’  ‘Jo prate yn riedsels!’ sei Jelke.

De reserzjeur sei dat se dy twa no noch net yn de databanken fan de plysjes ha. Mar as se dêr, troch in fergryp, binnenkomme dan ha wy se ek drekst te pakken. Dit wie net it bericht wat Jelke graach hearre woe, dérom sei er: ’Dan mar hoopje dat se gau foar wat oppakt wurde!’  Styntsje frege, doe it gesprek ôfrûn wie, wat foar nijs der no eins wie. ‘Sa goed as neat!’ sei er!

Haadstik 17

De oare moarns kamen der in trijetal dokters by Pyt Sietsma syn bêd. Hy gie goed foarút en hie al sa no en dan, mei de rollator, troch de gong rûn en de dokters wienen dan ek goed te sprekken oer syn tastân. Ien murk op dat hy wol nei in gewoane seal mocht mar dat alle plakken op de ôfdieling kardiologie beset wienen en dat er dêrom op de ferpleech ôfdieling kaam te lizzen.  ‘Wat in drokte sa ‘n ferhúzing! Ik mei ommers, as it sa troch giet, nije wike nei hûs. Lit my hjir salang mar bliuwe, want it is hjir gesellich mei dizze twa mannen derby!’ sei er. 

‘No, dat wurdt in hiele toer, want we ha der fannacht trije pasjinten by krigen, wy moatte jo bêd dus brûke! Mar jo hoege jo nearne soargen oer te meitsjen, alles wurdt foar jo dien en jo wurde dêr troch jo eigen dokters behannele. En yn it tredde plak, jo beide maten ferhúzje gewoan mei!’ ‘Dat liket aardich better, ik fyn it bêst, jim ek jongens?’ De beide mannen hienen meiharke en fûnen it bêst! ‘Dan hoech ik it ferhaal oer de ferhúzing net wer te hâlden en sjogge we no hoe it mei de oare twa pasjinten is, want dy moatte ek goed genôch foarút gien wêze fansels.’ Nei dat de dokters de twa oare noch besocht hienen mochten dy ek mei ferhúzje.  Alhoewol alles foar har dien wurde soe, begûnen de trije mannen sels harren bêdkastkes mar leech te heljen, want de susters hienen it drok genôch, fûnen se.  

Sa sieten sy efkes letter op bêd, mei alle spul om har hinne, klear foar de ferhúzing.  Mar somtiden giet it oars as je tinke, want der kamen yniens trije susters by harren op seal, elk mei in rolstoel en dy rieden har, yn optocht, troch de gongen fan it sikehûs.

Etie Pasma

Stiens 2024 (19)