Algemeen

31 Fryske boeredakken wurde restaurearre

Fan 31 Fryske monumintale en karakteristike pleatsen kin mei subsydzje it dak restaurearre wurde. Deputearre Steaten ferlienden mei-inoar € 637.000 euro subsydzje út de saneamde regeling Daken Fryske Pleatsen. Dizze leechdrompelige regeling makket ûnderdiel út fan it provinsjale Wurkplan Takomst Fryske Pleats.

Ek it dak fan de pleats fan de famylje Heida oan de 1e Compagnonswei 1 yn Bontebok wurdt oanpakt.

It restaurearjen en werstellen fan dakken fan pleatsen is kostber. Dat soarget faak foar in flinke finansjele drompel. Dat is spitich, want foar it behâld fan it hiele gebou is in goed dak essinsjeel. It foarme de oanlieding foar de regeling Daken Fryske Pleatsen. Deputearre Klaas Fokkinga is bliid mei de honorearre oanfragen: “Fryske Pleatsen heare ta de kearnkwaliteiten fan Fryslân en troch it opknappen fan dizze 31 pleatsen krijt erfgoed, leefberens en dêrmei de omjouwingskwaliteit fan it plattelân in stimulâns.”

 

Der wiene folle mear oanfragen as honorearre wurde koene. Dêrom is binnen de regeling prioritearre mei in puntetelling. Pleatsen yn agrarysk gebrûk en pleatsen dy 't in nije bestimming krije foar net-wenfunksjes of in wenfunksje mei mear as ien wenning. Fierder koe allinnich subsydzje jûn wurde foar ryks - of gemeentlike monuminten of buorkerijen dy 't neffens it bestimmingsplan karakteristyk en tsjin sloop beskerme binne.

 

Der binne subsydzjes ferliend oant maksimaal 25.000 euro foar 50 persint fan de subsidiabele kosten. It giet dan om herstelwurksumheden fan dakken of dakflakken yn in matige of minne steat fan ûnderhâld. Dêrneist kin it gean om it ferfangen fan net - tradisjonele dakbedekking lykas golfplaten of asbestdakken troch tradisjonele dakbedekking lykas pannen of reid. Ek ûlebuorden binne subsidiabel. De dakken dy 't te restaurearjen binne fan pleatsen ferspraat oer de hiele provinsje en fan ferskate buorkerijtypen. Wurkplan

 

Takomst Fryske Pleats
Mei it Wurkplan Takomst Fryske Pleats wolle Deputearre Steaten de Fryske pleats as kearnwearde fan it Fryske erfgoed en kultuerlânskip behâlde. Dan giet it om bliuwend agrarysk gebrûk, werbestemmen en it benutten foar de aktuele opjeften foar it lanlik gebiet, sadat pleatsen en hiemen ûnderdiel bliuwe fan it lânskip. Ien fan de maatregels hjirút is de dakeregeling. It grutte tal oanfragen lit sjen dat der dêrby grut ferlet is fan stipe.

Mear ynformaasje oer it Wurkplan Takomst Fryske Pleats is te finen op: Ruimtelijke kwaliteit, Erfgoed en Landschap | Fryslan